Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Leaver dea as slaaf

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Francois-Auguste Biard*

Image

Hie hy net better stjerre kind
yn ’t eigen oerwâld mei de keatting
oan de lea?
De grûn wie elke stam bekend,
in mylde dea.

Hie sy net better deagean kind
op ’t ûnderdek wylst weagen sloegen
troch de lea?
Se rekke oan de see nea wend,
wie sy mar dea.

Hie hy net better deaslaan kind
de keapman dy’t syn lea betaaste
as in bist?
Hy wie net blanke kloeren wend
en hie net mist.

Hie sy har net tekoart dwaan kind
nei hûndert klappen fan de swipe
mei in list?
Sy hie har baas, dy goare fint,
foar ivich mist.

* Francois-Auguste Biard (1799-1882)
Skilderij ‘Bylden oan de kust fan Afrika’

admin

Unbekend

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan William Turner*

Sy wisten fan gjin doel of ein,
bestimming ûnbekend,
as grûn en dak it dek,
dêroan al wiken wend,
mar net oan ‘ik wurd slein
en moarn miskien wol gek’.

Image

Sy wisten fan gjin stoarm op see,
lit stean fan in tyfoan,
se misten grûn en dak;
der wie gjin wennen oan
de jammerklacht fan nee…
wêr wie oan board noch plak?

Sy wisten net wat better wie:
it doel of mar de ein
fier fuort fan eigen grûn;
sy waarden pakt en slein,
gjinien wist wa’t it die…
bestimming… wie dy fûn?

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Slavehannelers smite de deaden
en stjerrenden oerboard; in tyfoan komt tichterby’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum