fan Jean Charles Tardieu*
Sjedêr it lân fan monuminten,
piramide, sfinks en wat al mear,
mar hiene se dêr each foar?
It gie op ’t lêst om kriichsmans ear,
ferbylde yn oerwinningslinten.
Se strieden yn it lân fan goaden,
Isis en Osiris en noch mear,
mar hiene se dêr each foar?
It gie op ’t lêst om harren Hear,
se tsjinnen as syn oarlochsboaden.
Sjedêr it rêstplak fan soldaten
fan Napoleon op ’t monumint,
se hiene dêr wol each foar,
ferfallen as it wie, in hint
dat falle soe wa’t sy fûl haten.
* Jean Charles Tardieu (1765-1830)
Skilderij ‘Pypskoft fan it Frânske leger
yn Syena (Assûan), 2 febrewaris 1799’ |