Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Friso’s drinkeldea

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jacob Christof Le Blon*
fan ûnbekend**

Image

Johan Willem Friso, wol
ûntkommen oan it kriichsgeweld,
mar doe’t it wetter hol
stie, hat de dea him meld.

Nei De Haach foar in petear
moast Friso oer it djippe wiet,
it fear lei foar him klear,
dêr’t al de koets op ried.

Under seil gie ’t fan de wâl
en brûzjend nei de oare kant,
troch twirren wiisde ’t mâl,
mar net nei oarlochstrant.

Fûler foel de wyn deryn
as troch de prins en skipper tocht,
it trochbestean waard skyn,
de takomst hie syn nocht.

Johan Willem Friso, net
ûntkommen oan de drinkeldea,
hat wol syn namme set,
it Fryske gea te stea.

Image

* Jacob Christof Le Blon (1667-1741)
Skilderij ‘Portret fan Johan Willem Friso’

** Gravuere ‘Drinkeldea fan Johan Willem Friso’ 

admin

Nostalgysk byld

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Dirk Valkenburg*

Image

It koe dêr wêze as yn Eden
sa’t it lân derhinne leit
mei beammen stribjend nei it blau,
nostalgysk byld, wa is ’t dy’t kleit?
De beammen rûzje fan de frede.

Sjedêr it ploechje yndianen
bûten, want it is net kâld,
ferdreaun fan ’t eigen grûngebiet,
nostalgysk byld, gjinien wurdt âld,
in nij bestean yn fêste banen.

En dêr de swarten, allegearre
bûten, want it is hjoed feest,
in fiering as op eigen grûn,
nostalgysk byld, moarn wer in bist,
bestimd om as in slaaf te stjerren.

Image

* Dirk Valkenburg (1675-1721)
Skilderij ‘Plantaazje yn Suriname’
Skilderij ‘Plechtichheid fan negers’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum