februari 11, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Se steane klear foar it begjin,
in swarte see fan helmen,
mei de pakken op ’e rêgen bûn,
sa waard de sege jûn as sin,
gjinien wist doe noch fan de ein…
de dea naam fiifentweintich kear miljoen.
De earen heine it ‘Sieg heil’,
dat withoefolle mûlen
sjonge op ’e mjitte fan de stamp;
se wiene ree fan hier oant neil
om fûl te striden oant de ein,
sadat de fijân trof de swierste ramp.
Sy stiet te gûlen by ’t begjin,
de bûsdoek heint har triennen,
want se wiene oer de frijheid rûn
fan ’t lân dat joech har libben sin,
gjinien wist doe fan boargers ein…
de dea naam achtentritich kear miljoen.
* Foto ‘Dútske troepen yn Neurenberch’
** Foto ‘Gûlende frou fanwege de besetting
fan Tsjechoslowakije’
februari 4, 2024
fan ûnbekend*
fan Gutzon Borglum**
Hy hinget op ’e holle
fan in wize presidint,
útkappe yn de hurde stien,
en sjocht de oare oan,
want neat is him tefolle.
Yn alle fjouwer seach er
wat foar ’t folk oan hichte wint:
de frijheid om rjochtop te stean;
op rjochten kaam it oan,
dat op dy hichte fleach er.
Hy koe it lykwicht fine
tusken keunst en polityk,
hat foar syn presidinten stien,
sa trof er krekt de toan
om ’t folk oan har te binen.
Sy sjogge nei de fierte
sa’t elk seach as presidint
om foar de rjochten yn te stean,
fierôf en ek nei-oan,
de wrâld hat dêrfan witten.
* Foto ‘Gutzon Borglum yn de klim’
* Gutzon Borglum (1867-1941)
Byldegroep ‘Fjouwer Amerikaanske presidinten’
(Washington, Jefferson, Lincoln, Roosevelt)