april 14, 2019
fan ûnbekend*
Gjin hynstesturt mear oan de holle,
gjin tradysjonele klean
en ek gjin skearmes oer de kop;
as ’t al bart… revolúsje,
fuort de keizer, syn fertsjinne lean!
Mar wat soe Sun Yat-sen dan wolle?
‘Sizzenskip foar ’t sljochte folk,
de hiele naasje rint foarop
as ’t komt ta revolúsje,
lean nei wurkjen, oars ’t gewear ta tolk!’
It leger skeat mei skerp, gewearen
wiene nij, ’t gie tsjin de macht
fan keizer en de hynstesturt:
tradysje… gjin fidúsje,
’t revolúsjefjoer sjit troch de nacht.
Koe Sun Yat-sen de gaos keare
yn de nije republyk?
Syn aspiraasjes wiene grut
mei wer in revolúsje,
lykwols kriich er diskear ûngelyk.
Yllustraasje ‘Revolúsje’
april 7, 2019
fan ûnbekend*
Syn heit hat hy mar amper kend,
hie dus gjin foarbyld om te libjen
as heit fan bern en steat;
syn omke woe him pryster meitsje
om model te stean, bekend
by God en folk, om nei te stribjen.
Gjin plicht, frijwillich yn de striid,
dy’t útrûn op in revolúsje,
want hy wie liberaal;
as generaal soe hy it meitsje,
sloech de Frânsman út ’e tiid
en hie yn stimrjocht wol fidúsje.
Ferkiezings seach er as in plicht
foar demokratysk funksjonearjen
fan ’t frije Meksiko;
as presidint soe hy it meitsje:
tritich jier syn noartsk gesicht,
it sljochte folk koe ’t net wurdearje.
Fan liberaal waard hy tiran,
it boarst fol blinkend goud en sulver,
wylst earmen hiene neat;
hy soe ’t net folle langer meitsje,
waard as flechtling Frânsk lytsman,
syn reputaasje gie oan pulver.
* Staasjeportret ‘Porfirio Díaz’