maart 10, 2019
fan Wassily Kadinsky*
Wat soene al dy foarmen wêze?
Grif misfoarme sa te sjen
en ûnfolslein, yn tizen,
gjin begjin en sykjen oan,
de ynhâld giet ferlern.
De letters binne net te lêzen,
roppe sa gjin bylden op
fan delgean en wer rize,
op ’e grûn of op ’e troan
of komt it op ’e kop…
… ferkeard? De keunstner koe it witte,
keas foar ’t each in oare wei,
soe sa de takomst wize,
disharmoanysk waard de toan,
de tiidgeast achternei.
Lit nimmen mear ferjitte
dat Kadinsky rûn foarop,
al bliuwt dat yn de dize
sûnder titel, dé ikoan
fan sûnder sturt of kop.
* Wassily Kadinsky (1866-1944)
Akwarel ‘Sûnder titel’
maart 3, 2019
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
As beuker boude hy mei ’t spul
fan Fröbel, rjochte streken
stadichoan de hichte yn,
net heger kaam it as de mul,
it each seach der mei nocht op del…
syn beukerbou as teken.
Doe’t hy yn ’t libben healwei wie,
socht er in oare rûte
mei in frou dy’t hy wol koe,
foar him de moaiste foarmen hie,
mei beide bern fermoarde waard…
troch leechte die er boete.
Sa tusken grûn en leechte yn
fûn hy syn ynspiraasje,
boude tichtby de natoer,
dêr’t wetter falt en rûzet wyn,
as Fröbel-blokken, út ’e wel
fan doe… ferdivedaasje.
* Foto ‘Frank Lloyd Wright’
** Foto ‘Fila Fallingwater’