september 20, 2020

fan Vladimir Tatlin*
Nei trije jier wie ’t lijen oer
fan boargers dy’t yn oarloch wiene:
’t nije Ruslân kleure read
mei as symboal de Tatlintoer.
Al draaiend gie ’t de hichte yn
sa’t kommunisten it graach seagen,
Ruslân waard in sovjet-steat
mei altyd folop sinneskyn.
Hy draaide lykop mei de tiid
op ynternasjonale weagen,
waard troch freon noch fijân keard,
sa op ’e top wie ’t útsicht wiid.
Foar wa’t net draaie woe, begûn
it lijen op ’e nij, sy diene
’t yn de nije steat ferkeard
en kamen fallend op ’e grûn.
* Vladimir Tatlin (1885-1953)
Model ‘Tatlintoer’
september 13, 2020

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Karel Capec skôge fier foarút,
lei syn helder sicht yn wurden fêst:
de robot liet er ier al rinne
as de slaaf fan homo sapiens,
mar ’t rûn úteinlik op neat út.
Robots wiene spilers op ’t toaniel,
produsearre yn it R.U.R.-fabryk,
om foar it minskdon tiid te winnen,
mar wêr loek it folk moreel de grins?
Elk kriich úteinlik ’t bluodrich diel.
’t Waard rebûlje tsjin de slavernij,
robots moarden ’t hiele minskdom út
behalve ien, wat soe dy kinne?
Neat, want alle robots stoaren út…
foar beide wie ’t foargoed foarby.
Foto ‘Karel Capec’
Foto ‘R.U’R.’
