Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

It wite skuontsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It stie dêr samar op ‘e stoepe,
it skuontsje fan sân sintimeter lang,
ferlern en sûnder bern dat slûpend
beweging yn ’t rochtoppe libben kriget,
sa hoeden noch de earste stapkes, bang
om fuort te sakjen yn de swarte naad,
dy’t tûzenfâldich him bedriget
en sjoch, dêr stie it skuontsje, dat syn skaad
in streek fan sân nei foaren krûpe liet.

Image

Wat stiet der letter op ‘e stoepe,
as ’t lichem útgroeit nei twa meter ta
en ’t libben panderet op te grutte foet,
wylst rûpen út ‘e naden krûpe,
mar sjoch, as stalferwikseling dan sa
de flinter fjouwer wjukken spriede lit,
dan fljocht der oer de midlife-stoepe,
op sânmylslearzens tusken wurk en wolk
de minske, woeksen út it skaad, en dy’t
noch altyd fan dat wite skuontsje wit.

admin

Stoppels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hjoed soe ‘k in foto meitsje
fan ’t maisfjild op syn heechst,
it lêste fan de simmer…
dan kin men derom laitsje
as boppe ’t fjild in flinter
telt dwarljend op syn leechst
de stoppels: ’t wurdt wer winter.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum