Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nominaasje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By gelegenheid fan in lêzing oer
kristologyen by de Itenser Rûnte
op 3 novimber 2005

Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes,
nominearre as auteurs
fan har roman oer Jezus Kristus, man ris
west, fertocht as terrorist,
dy’t libbe yn beset gebiet, mar sûnder
wapens en mei platte beurs
sa fan it iene yn it oare wûnder
oant der oer him waard beslist:
de dea fanwege terrorist en sûnder.

Image

Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes,
nominearre foar de priis
hoe’t de ferhâlding tusken God en man is,
wyt of swart of tinten griis;
twa sjuerys soene har dêrop beriede,
fan de tsjerke en fan God,
de earste hat der ieuwenlang op brieden,
krige oer de útslach mot
en dêrom binne harren wegen skieden.

Image

Mattéüs, Markus, Lukas en Jehannes,
Tomas heart der ek noch by
en fierder elkenien fan wa’t de fan is
Skriuwer-oer-de-soan-en-My,
sa wie de twadde sjuery fan betinken,
op in oare wize wiis,
de útslach sil yn alle tiden klinke:
nominaasje is de priis,
sa’t likefolle himeltinten blinke.

Image

admin

Bloei

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie noch middenyn de simmer
mei trije beammen yn ien streek,
dy’t strieden op it mêd fan klimmer
mei aspiraasjes himelheech,
mar doe’t de sinne dagen skroeide
en ’t wifkjend wetter hie it dreech
om tusken grûn en loft te kiezen,
doe bleau it foar ’t gemak mar leech,
wat ’t minder makke foar de striders:
de fierste die it heal om heal,

de leechste hie neat te ferliezen,
de heechste rekke deadlik keal,
gjin blêd mear, neat oars te ferwachtsjen
as protters yn de rude-rou,
in tsjott’rjend kleiliet om te achtsjen
de dea dy’t briek de tûken ôf,
de fal nei wat yn memme-ierde

wer fruchtber waard foar dei en dau
him oan de himel iepenbiere:
de reade ieren mei it bloed
yn rûntegong de bloei te fieden
en sjoch, Hy seach, it wie sa goed.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum