|   De hege flechten lûke spoaren,masinaal, gjin reizger dy’t it sjocht,
 hy sjit mei feart as nea tefoaren
 troch it swurk, mar sit wol fêst, beknypt
 yn blikken twangbuis fan in oare
 wrâld dêr’t stilsteand sicht der net ta docht,
 mar oars de beam, dy’t mei syn tûken
 streekrjocht nei de spoaren rikt en grypt,
 genietet troch deroan te rûken,
 want se binne samar út ‘e loft;
 de beam lykwols sil spoaren lûke
 troch de fjouwer tiden fan it jier
 rikt hy syn tûken nei it swurk ta
 as in spoar fan streken foar de sier
 nei ’t liket oer de ieuwen hinne,
 mar as minsken masinaal, ’t is ier
 of let, mei eigen sicht begjinne,
 hâldt gjin beam de tûkekop derfoar,
 dan leit er útteld yn de sinne,
 wylst de wyn waait fuort syn bliedend spoar.
 
 |