Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Boatsje Fryslân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It kapitaal lei op it droege,
heger as it yn it wetter foer,
Hollân wie nei Fryslân noege
en seach it rike hear ris oer.

It lânskip wie as yn it westen,
folle foller as it Fryske gea,
Hollân hie der amper lêst fan,
de Fries hie ’t swit al op ‘e lea.

Foer dan yn ’t sabeare Hollân
gjin skip mear mei in pompeblêd?
Doe riisde út it tsjuster glêd
en geef it âlde boatsje Fryslân.

Image

admin

Jezus en jutters

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Nei oanlieding fan de lêzing fan
dr. S. Ypma oer in joadske fisy
op Jezus op 16 febrewaris 2006
yn de tsjerke fan Itens

Hy kaam fan ’t eilân Skylge,
twa evangeeljes brocht er mei,
it iene wie fan jutters,
it oare wie wat Jezus sei.

Earst hold er foar de preekstoel
in folle plastic sek omheech,
gjinien wist noch it sprekdoel,
it skôgjen makke ’t minder dreech.

Want wat ús kaam foar eagen,
wie ien pear dweiltrochwiete skuon,
dy’t op it strân ta weagen,
hiel Skylge wist der daliks fan.

Image

In skip, yn stoarmwaar rekke,
ferlear containers by de fleet,
de Skylgers, ek dy rekken
sterk op ‘e drift, mar net yn need.

Doe hat dy Skylger dûmny
yn Itens hiel wat oars ferteld:
wat man der yn it rom wie,
dy’t fiskers makken ta in held.

Hy lei dêr djip te sliepen,
wylst stoarmich waar ûntnaam it sicht
oan fiskers yn har iepen
boat, reitsjend eangstich op ‘e drift.

Doe kaam er kalm nei boppen
en lei de see it swijen op,
hy hoegde net te roppen,
syn sizzen koe gjin drift tsjinop.

Image

Mar tweintich ieuwen letter,
doe’t Skylgers rekken op ‘e drift,
bleau Jezus ûnder wetter
fanwege skuon mei slangegif.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum