Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Foarlân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Op dizze kleare sneintemoarn
seach ‘k trijeris it foarlân lizzen:
it fiergesicht as fisioen,
belofte fan it lân dat dizze
winter rint al nei de jûn.

Image

En by de toer de farske grûn,
in teken fan it lange lizzen
fan wa’t, sa koart noch mar ferstoarn,
my noch it twadde hat te sizzen:
’t foarlân sûnder fier fertoan.

Image

Doe klonk it wurd oer Mozes’ dea
nei’t hy it rynske foarlân skôge
foar eigen folk, dêr’t hy as lieder nea
de fuotstap sette soe, foltôge
wol syn libben, mar syn lea…

Syn lichem hat gjinien wer fûn,
want lieders ha gjin rêstplak nedich,
sy libje troch en yn de jûn
berinne se it lân fan frede,
út ‘e fierte fisioen.

Sa rûn ik mei nei bûten ta
en seach twa jonges wat oan ’t skoppen,
in byld dat flitsend oanjoech wa’t
mei ’t fiere koppen en it stopjen
’t libben as har foarlân ha.

Image

admin

Ballade fan de Wetterpoarte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Fan hurde stiennen ha se poarten boud,
fan fûneminten oant de tuorren,
de Snitsers wie dat wurk wol tabetroud,
yn ’t bouwen libben se as bruorren.

Sa riisden noard- en easterpoarte op,
ferbining tusken wei en strjitte,
de wetterpipen krigen net in kop,
behalve ien, sels twa foar ’t sjitten.

De wetterpoarte, fjouwer ieuwen lyn
ferbûn dy al de stêd mei ’t wetter
en ’t wachthûs, tusken beide tuorren yn,
wie altyd wach foar ier en letter.

Image

De wetterbôge wie foar ’t skippersfolk,
dat wiidút foer oer poel en marren,
de tuorren joegen sicht op stjer en wolk,
dy’t heger oan de himel farre.

Sa waard de iene berne op in skip,
dat lei tichtby de wetterpoarte,
it jonkje Melle krige yn in hip
de slach fan’t skippersfak te pakken.

Hy foer nei Snits mei ’t rom fol klaai,
dêr’t ’t stedsfolk ierdewurk fan makke
en skipper Melle naam de potten mei
rûnom nei alle Fryske plakken.

Mar alle kearen kaam er wer werom
yn Snits en foer dan nei de poarte,
der ûndertroch, it skûtsje yn de slom
op ’t plak dêr’t hy as beuker boarte.

Image

Doe’t skipper Melle dêr sa feilich lei,
waard yn de buert in jonkje berne,
de freugde wie dy deis de ein fan wei,
de wrâld soe him noch jierren kenne.

Want lytse Willem hie in goed ferstân,
de Sitter wie syn achternamme,
de jonge skôge faak de himelstân
sa’t stjerren oer de tuorren kamen.

De wetterpoarte wie it fêste plak
dêr’t er de kosmos observearre,
sa learde hy it astronomefak,
neat koe syn takomst noch bedjerre.

Yn Leiden waard er oan de universiteit
professor yn de lear fan stjerren
en op syn kosmyske deskundichheid
hat Albert Einstein him basearre.

Sa waard de wetterpoarte fan stêd Snits
yn bôgebreedte èn toerhichte
foar skipper èn stjerkundige de gids
en foar de dichter dat er dichte.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum