Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Hooppark

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der is hoop dat de lytse klimmer
fan de grûn ôf it oprêde sil
om… de beam dy’t de lange simmer
hjit om grien yn te kleurjen syn wil,
dy’t er opleit oan winterdagen
troch syn tûken, as stôk om te slaan
’t hûnewaar mei syn wite flagen,
heech fan hert sil dy beam it sa dwaan…
der is hoop dat dy lytse klimmer
fan de grûn ôf it oprêde sil
oan dy beam yn winter en simmer
op te lizzen syn wil…

of is de hoop op it griene ferflein,
de kroan op ’t wurk fan de hege stamme,
de azem nimmen op ierde ûntsein,
it skaad dat minske noch dier beskamme,
want sjoch, de beam is tenein
en parasyt is de namme.

Image

admin

Oanset

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Yn deselde tiid
dat wy ûnder
kleurebôgen
fan de maitiid
rinne, ’t wûnder
skôgje, rûnten
sûnder skerpe
kanten, rûkend
swiet fan stribjen
nei de oanset
fan nij libben…
yn dyselde tiid
leit syn grêf
swier ûnder
blommen, deade
kleuren, net
rûkend mear,
inkeld sprekkend
fan hoe sear
libben die,
brekkend yn
brokken as
oanset ta dea.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum