Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wjukslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Wjukslach hat syn lêste slaggen makke,
is del- en lamslein, leit bedobbe ûnder stien,
syn geast fan frijheid doarmet noch, ferswakke
mar net ferslein bewjukkelt er wat is ferdien.

Image

Wat hat er noch te sykjen tusken stiennen
dy’t ôffierd wurde yn de kisten fan metaal,
de jierren strike oer de púnheap hinne,
it teken fan de stienbrek sprekt gjin minsketaal.

Image

De geast fljocht dêrom fierder, net beswierre
troch ’t pún fan minskehân dat mei de tiid ferdwynt,
syn wjukslach draacht him nei de kleare fierte
dêr’t frijheid yn de minske syn gelikens fynt.

Image

admin

Wolkom

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hie dy snein yn maart wat snijd
troch lette froast dy’t mei tin iis
de sleatten ticht lei, wylst it Wiid
waard kleure troch de blauwe loft,
mar dy’t gjin wetterbôge wijd
hie oan de dei dat Noachs tiid
op ’t roaster fan de snein wer stie,
lykwols de wrâld wie it bewiis
fan dat de skepping goed west hie.

Image

Ik stapte út mei yn de hân
de kamera om digitaal
fan Broek de dyk, de sleat en ’t lân
te nimmen en wat fierderop
de tsjerke, noch op lytse skaal.

Image

Doe stoppe der in auto nêst
de wein fan ús en tagelyk
beweegde ’t rút en frege ien
oft hy miskien ek helpe koe,
mar doe’t wy seine dat gjin lêst
ús pleage, is er fierder gien
en wisten wy it wis: it ryk
fan minsken ûnderweis heart hoe
dan ek by ’t skeppingswurk fan hjoed
de dei, as Noachs arke stiet
op ’t roaster: wolkom is de groet.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum