Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Himel en ierde

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
In sein rjocht nei de himel,
bedankje fan de beam
sa’t sy de guit wer krige
om yn de pronk te stean
foar’t each dat no mei niget
de tichte bloei besjocht
as teken, skjin en himmel,
mei dank oan wa’t dy brocht.

Image

In skreau skril nei de ierde,
wol bliid want krekt op tiid
de triedden yn de snaffel,                                                                                       bepluze nei in fûle striid
mei wat noch fierder sakket,
de ka lykwols besjocht
it oars, want heger giet er,
syn himel yn mei nocht.

Image

admin

Sirkus Renz

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It skimeret tusken ’t wyt fan piipkrûd
en beammen yn de maitiidspronk:
it felle read fan brûs- en siedbloed,
mar diskear sûnder Fryske fonk.

It tintdoek leit noch yn de slomme
fan iere maitiidssinneskyn,
wylst swijt de Renzer opkomtromme,
de clown hâldt lang de siken yn.

De oaljefant syn keunststoflaitsjen
klinkt stom oer ’t yndustryterrein,
wat moat er der noch mear fan meitsje
as deastil keunstke op in wein?

Image

Want fan ‘e middei sil it heve,
dan slacht it doek foar master op,
de tromme lit it sirkus sweve,
it brûzjend bloed berikt de top.

Mar moarn is alles wer besakke
en komt de reade tinte del,
de clown moat wer syn noas ynpakke,
sa withoefaak, ferjit de tel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum