Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fleanend ljocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It ljocht krûpt út ‘e nacht,
it tsjuster fan de kiste
mei skatten skimerljocht:
de stobbewylch op wacht
by ’t trekpaad, wach op bisten
dy’t alve elfen sljocht
mar net terjochte yn
besnijing nimme wolle,
sa fykjend yn har sliep
op bankjes, sêft mei wyn
beklaaid, de teare hollen
foar ivich yn de gryp
fan ’t draaiend rêd, dat slacht
it elfemearke stikken
op grûn fan hurde wet
dy’t skriuwt fan acht oant acht
it deistich brea berikke
foar magen drok beset
en sjoch…
it ljocht fljocht út ‘e nacht.

Image

admin

Ferrin fan tiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De sânstoarm hat him bleat lein
nei syn seis miljoen jier rêst,
de kop hat ’t minskdom tasein
oer syn oarsprong nij hâldfêst.

De dea hie him gjin grêf jûn,
’t lyk lei sûnder lucht en ljocht
te hurdzjen as wie ’t fêstbûn,
oan de ivichheid ferkocht.

Image

It minskdom hat him stal jûn
sa’t er west hie yn syn tiid,
in geve hûd, mar wol bûn
oan ferfal, de faaie striid.

Gjin lyk kin lykwols winne
hjoed de dei yn tiid fan him,
it grêf leit yn de sinne,
mar bliuwt koarter as de stim.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum