december 30, 2021

fan Jean-Léon Gérôme*
Dêr leit er, útteld op ’e grûn,
maarskalk Ney, maat fan Napoleon…
hysels hat net de deaden teld
yn mannich slach omkommen,
hy wie wend oan dat geweld.
Hat maarskalk Ney syn rêst no fûn
nei it hinne wer: Napoleon
en dan Bourbon, de hearsker telt,
op ’t lêst Napoleon, hy
krige lêst fan ’t kriichsgeweld.
Bourbon hat him de hannen bûn,
want hy hold it mei Napoleon,
de fijân fan de nije foarst,
dy’t nei de keizer hearske,
foar de maarskalk wie it hast…
… syn tiid om ôf te tellen, hy
wie gjin maat mear fan Napoleon,
gie iensum nei syn ein, ’t geweld
út withoefolle lopen…
maarskalk Ney hat dy net teld.
* Jean-Léon Gérôme (1824-1904)
Skilderij ‘De eksekúsje fan maarskalk Ney’
december 26, 2021

fan Peter Paul Rubens*
Wêr binne de twa ingels bleaun
no’t hjoed de dei ek bern noch
flechtsje moatte foar de macht
fan beulen, honger en geweld,
it bliuwt foar harren altyd sneon.
Sy kinne net nei skoalle ta,
de snein wurdt harren ek net
gund, sy bliuwe yn de nacht
fan wekker wurde nei in dream
oer merjes, folle mear as twa.
Gjin byld fan ingels ûnderweis
en heit en mem mei ’t lytse
bern, de ezel mei syn fracht,
de dream dy’t oars ’t ferhaal fertelt:
beskerme troch dy twa op reis.
Wêr binne de twa ingels bleaun
yn dizze sekuliere
tiden mei Korona oan
de macht, de kroan op stream nei stream…
it bern wurdt op ’e nij ferdreaun.
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘De flecht nei Egypte’