december 16, 2021

fan Alphonse Mucha*
Wa fielt net mei dit minske mei
dat net mear rinne kin,
har deljûn hat, mar noch net leit,
yn hiel Siberië allinne
mei de stjer dy’t har wat seit:
‘Ik bin foar dy der nacht en dei,
hoewol’tsto my net sjochst
by sinneljocht, de ierdske stjer
dy’t dy allinne fierder rinne
lit, foar dy bin ’k altyd dêr…
… wêr’tsto ek rinst of sitst, ik draai
foar dy in rûnte, dy’t
dy reitsje sil as wolven om
dy hinne komme en de sinne
ûndergiet, foar dy dôfstom.’
* Alphonse Mucha (1860-1930)
Skilderij ‘Stjer en Siberië’
december 9, 2021

fan Rembrandt*
Hy hat syn hier lang groeie litten,
snor en lokken wapperje deroer,
sa komt syn wichtigens goed út;
de wyn dy’t yn syn swipe sit,
lit er oeral hinne sjitte.
As tredde yn de lange rige,
nei de kapitein en luitenant,
lit hy him as de heechste sjen;
mei ’t findel boppe snor en lok
kin er nei de fijân drige.
Syn hân leit proastich yn de side,
rekket mei ien finger oan it swurd,
lit sa de fijân striidlust sjen,
wat sprekt ek út ’e linkerfûst,
’t findel sil foar ’t leger stride.
Ha beide nei de striid marsjearre,
hy en ’t findel flink de put derút,
dan giet it streekrjocht nei de kroech,
dêr’t snor en lokken snuve bier,
’t hat oan lusten net mankearre.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De findeldrager’