januari 6, 2022

fan Francisco de Goya*
De boulju dy’t it fak ferstiene,
wiene mei har trijen oan it wurk,
noch oan ’t begjin fan ’t bouwurk
mei allinnich mar it houten ramt…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
De earste stie it alderheechste,
want hy wie it langste oan it wurk,
in man mei ûnderfining,
dy’t fan hichtefrees neat wist…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
Ynienen seagen se him fallen,
beide maten, oan de ein fan ’t wurk,
sy droegen him fan boppen,
wisten neat fan ’t lichemsramt…
it barde ûnder ’t driigjend swurk.
* Francisco de Goya {1746-1828)
Skilderij ‘De ferwûne boufakker’
december 31, 2021

fan Tobias Baanders*
Kening Winter op ’e lêste dei
fan de lêste moanne fan it jier
hat fan ’e moarn twa bearzen fongen
op ’e Sânemar by Earnewâld,
hy naam se foar prins Ulekrite mei.
Mar prins Ulekrite kriet op slach
dat de fangst wie hjoed der fier by troch,
want ein desimber moast it sjonge
fan de redens op ’e Sânemar,
op iisnocht wiene alve stêden wach.
Kening Winter fûn dat flauwe kul,
hy hie neat mear mei in kâld klimaat,
want kjeld sloech him fûl op ’e longen,
mar prins Ulekrite liet gjin kar:
in tou bûn hy heit-kening om de mul.
Slepend fierde hy foarst Winter mei
oer de waarme grins fan âld nei nij,
dêr’t hy de âlde tiid ferjonge,
lok en seine makken ’t gea iiskâld,
sadat de wiisheid ried nei nijjiersdei.
* Tobias Baanders (1946-…)
Skilderij fan 2009