augustus 19, 2021
fan Jacques Linard*
‘Sjedêr wat wurdt fan
al ús moaie dagen’,
wurden op in lyts papier,
dy’t alles sizze oer ’t bestean
dat faai stiet, let of ier.
De holleplasse
hat gjin ynhâld, djipgeand
tinken is der net mear by;
as skilder kleurje ik ’t bestean
as wie ’t sawat foarby.
In faas mei blommen
fan de lêste dagen,
hingjend fan in djip fertriet,
in flamke om rap út te gean,
wat foar it lêste stiet.
Myn boek wurdt sletten,
wat ik al fernimme
kin oan dagen sûnder sin;
as skilder wol ik fierder gean
salang’t ik tinke kin.
* Jacques Linard (1597-1645)
Skilderij ‘Fanitas-libben mei kears’
augustus 12, 2021
fan Herndrick ten Oever*
De sturt hat er beholden,
mar dy is no sûnder krol,
foar him in boartlik elemint,
dat altyd yn beweging rekke
as hy spile smoarch syn fretters-rol.
’t Bestean is him ûntnommen,
want hy hinget oan de heak,
net langer yn syn elemint:
de drek fan sturt oer rêch nei nekke
is foar bargen bêst, net gau te weak.
It bêste is beholden:
bargepoaten en it spek,
de bongel, boartlik elemint,
is foar de bern om op te blazen,
folop lucht deryn yn plak fan drek.
* Hendrick ten Oever (1639-1716)
Skilderij ‘De slachte baarch’