maart 3, 2022

fan Vincent van Gogh*
De muorren fan in hurd systeem
bestean út withoefolle stiennen
fan net fierder as it plak
dat oanwiisd wurdt foar ’t swijend folk,
it moat syn rûntsjes rinne.
De lippen lizze opinoar,
gjin wurd komt út ’e mûle,
want se binne hjir teplak
en stappe neffens it systeem,
gjinien rint op in bûle.
Wêr bliuwt it wurd fan de profeet?
Hy moat syn mûle iepenskuorre,
raze it systeem teplak
en roppe ’t folk op ta de gjalp
dy’t brekt de hege muorren.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De finzenis’
februari 24, 2022

fan Dirck van Baburen*
Hy wie noch mar in jonge,
woe dat op gjin stikken wêze,
want folwoeksen like him
in libben ta fan harmony,
muzyk ôfwiksele mei sjonge.
It wie de hoed mei fearren
dy’t him justjes grutter makke
as hysels yn langte wie;
de hichte dy’t wat komysk hie,
liet hy him goed mei sjen en hearre.
Hy spile ek op hichte
lietsjes dêr’t er net mei sakke
op syn mûlharmoanika,
mar lyts, dochs net yn harmony
mei wat er him al jong ta dichte.
* Dirck van Baburen (1594/95-1624)
Skilderij ‘Jonge mei mûlharpe’