Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Yntocht

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Coecke*

Image

It jûchhei en hanneklappen
klimt oer muorren, troch de poartegong,
wylst tûken saaie út ‘e hichte,
mantels waaie nei de lichte
en de ezel set syn stappen.

Jezus stjoert de ezelsfôle:
‘Net rjochtút, mar troch de poarte, jong,
hjoed is it noch in lûd hosanna,
moarn rin Ik mei bûne hannen,
wylst it folk de deastraf âlet.’

Petrus mei syn reade mantel
harket wrantlich nei de Davidssong,
hy wol gjin tûke op ‘e plasse,
hat in hekel oan it hossen,
fuort mei dizze hiele hannel!

Image

Binne troch de ieuwen hinne
bylden stjurre yn in skilderij,
miskien wol dizze ezel rinne,
wurdt foar Snits de yntocht wer as nij.

* Pieter Coecke (1502-1550) hat syn oplieding
as skilder hân yn Brussel.
Hy reizge letter nei Italië en Konstantinopel.
De ideeën dy’t er dêr opdie, ferwurke er û.o.
yn houtsnijwurk, tapiten en glês-yn-lead finsters.

admin

Venus en Amor

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hans Baldung Grien*
fan Salvador Dalí**

Image

Dêr stiet se dan, langút
twa meter, rûn fan lea
mei ’t kleed yn beide hannen
en langstme nei in tút,
har eagen as in bea
oan withoefolle mannen.

Sjoch Amor mei syn pylk
fan leafde op ‘e bol
dy’t wif is fan ’t ûnwisse,
want no noch net, mar skylk
miskien sil ’t al, hoewol
it kin ek Venus misse.

Image

Dêr sit er, Herakles,
de tiller fan de see
dy’t mei syn beide hannen
hâldt Venus by de les:
‘Lit Amor oant er ree
is om de trie te spannen.’

* Hans Baldung Grien (sirka 1484-1545)
wie in Dútske skilder en grafikus,
dy’t it fak learde fan Albrecht Dürer.
Hy skildere ‘Venus en Amor’ op in
linehouten paniel fan 208 by 84 sintimeter.

** Salvador Dalí (1904-1989) waard berne
yn Catalonië. Hy skildere yn ferskillende
stilen en behearske de technyk perfekt.
Hy neamde dit skilderij ‘Herakles dy’t de
hûd fan de see optilt, freget Venus efkes
te wachtsjen foar’t se Amor wekker makket’.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum