Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De kwaksalver

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gerard Dou*

Image

Ik, skilder, hingjend oer ’t kezyn,
wit alles fan dit harkjend folk
en fan de salver mei syn praat
oer kwalen dy’t syn medisyn
ferdriuwt lykas de wyn de wolk,
mar ik wit, alles is mar skyn.

Ik ha him yn de ferve set,
syn eagen prykjend nei ’t publyk,
de lippen wiet fan ’t glêde praat,
yn ’t reagearjen nea te let,
de hân dy’t rynsk de salve strykt,
in kwak foar elke siel en smet.

Net alles eaget as mar skyn,
it folk ferbyldet werklikheid:
de mem dy’t strykt oer poppes naad,
it grize wiif as soere tryn,
de boer dy’t mei de kroade rydt,
mar elk is foar it salvjen blyn.

Mar ik as skilder bin it net,
want wat ik by de muorre sjoch,
dat striek ik stikem yn it skaad:
in jonge mei in reade pet,
gjinien hat noch syn streken troch,
hoe’t hy de beurs fan tryn beset.

* Gerard Dou (1613-1675),
learling fan Rembrandt,
waard mei syn skilderjen
fan sekuere details
de grûnlizzer fan
de Leidske skoalle.

admin

Fisioen fan Augustinus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Vittore Carpaccio*

Image

Augustinus, heech fan sit
as biskop en as wize
dy’t út alle teksten wit:
it libben sil grif rize
nei de hichte fan it krús
dat Kristus hat yn hannen,
wa’t dat leaut, komt ivich thús,
it stiet yn iepen bannen.

Yn de keamer fan it boek
is stilte hear en master,
de seine swijt yn elke hoek,
ferdriuwt dochs flok en laster;
’t hûntsje keft, mar sûnder lûd,
sels Kristus stiet te swijen
op it alter dêr’t syn bloed
fertelt fan boekleas lijen.

Ynienen brekt it troch it rút,
it byld fan Hiëronymus,
driuwt de stilte foar him út,
syn lûd liedt nei de klimaks:
‘Augustinus, doch se ticht,
wat hast oan lege bannen?
Martler wêze is dyn plicht,
do komst yn oare hannen.’

* Vittore Carpaccio (sirka 1460-1526)
wie in skilder út Fenetië, dy’t bekend
stie om de details op syn skilderijen.
Hy hat Augustinus werjûn middenmank
de attributen fan in humanistyske gelearde.

<

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum