Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Libben stillibben

Keunst
PDF Print E-mail
fan Willem Kalf*

Image

Joost van den Vondel:
Kalf heeft stilstaande dingen lief:
banketten, disgerecht en brief,
limoen, citroen en glas en schaal,
sieraad en overdaad en praal.

Kalf kin deade dingen libben meitsje:
ljocht dat op it sulver fan de kanne blinkt,
de frucht dy’t út ‘e blauwe skaal wei springt
en ’t wynglês om ’t gemoed mei fleur te reitsjen.

Willem lit de dingen redendiele:
’t giele kanneljocht dat praat mei de sitroen,
de gouden poat mei skaad sawat yn ’t rûn
lit sprekkend oan de skaal syn heechmoed fiele.

Hoeden kaam it selskip út it tsjuster,
yn it ljocht feroare justjes it gemoed,
sa sprekt de skaal Sineesk, ferstiet net goed
de taal fan lange broer tsjin tsjokke suster.

Want de Ieu fan Goud sprekt Hollânsk gloarje,
keapmanstaal dy’t sylt de hiele ierde oer,
it Keal is goed foar rom op lange doer,
sa kraaie goud en sulver noch fiktoarje.

* Willem Kalf (1619-1693)
skildere fjirtich jier yn Amsterdam
foaral stillibbens fan pracht en preal.
 

admin

Ynterieur

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emanuel de Witte*

Image

Fan binnen is it hûs
in spul fan ljocht en skaad
fan foar- nei achtergrûn
mei romte by de rûs,
in wente fan formaat.

It jout wol perspektyf
dat útkomt by it rút,
mar inkeld wurdt it rûn
foar libbensecht geriif
dat útrint op in tút.

Fan binnen klinkt de frou
as ’t spul fortissimo,
se spilet lykwols echt
op ’t klavesimbel flau
it pianissimo.

Mar hy sjocht perspektyf
yn ’t ljocht fan har muzyk,
foar him in hege flecht,
fibrearjend yn syn liif,
mei ’t bêd as leech ûntwyk.

Sa klinkt yn harmony
mei dûbel perspektyf
oan hûs en minsken bûn
de leafdesmelody,
want sy wurdt grif syn wiif.

* Emanuel de Witte (1617-1692)
syn lykwichtich ‘Ynterieur’
(oan de iene kant de man
yn it bedstee en oan de oare
de spyljende frou)
is net yn oerienstimming
mei syn libben, dat lang
net altyd lykwichtich wie. 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum