Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Winterwille

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

Op ‘e toer
Ik bin nei boppen klommen,
stean no op ‘e festingtoer
en sjoch op stêd en minsken del.
Soe ik dan ride as myn broer?
It iis is foar de dommen!

Op ‘e boat
Ik byn myn redens ûnder
yn de hoeke op ‘e boat
en sjoch nei ’t lange streekjen út.
Myn broer? Dat is in domme kloat,
hy kin der ek wol sûnder.

Op ‘e toer
Ik moat der net oan tinke!
Sjoch, dêr leit ien op ‘e bek
en op sa’n slide friest gau dea.
Soe ik dan ride as in gek?
Troch ’t iis en dan ferdrinke!

Op redens
Ik ha myn redens ûnder,
streekje swierend nei de toer
en sjoch omheech hoe’t hy dêr stiet.
Soe ik dan klomje as myn broer?
Foar my is ’t iis in wûnder!

* Jan Steen (1626-1679) wie foaral
in skilder fan minsken mei each
foar wat yn har omgie.

admin

Wurken fan barmhertigens

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan de Bray*

Image

Wat se diene, moast it minskdom sjen,
sa woene Haarlemsk weesreginten
op it skilderij mei alle bern,
dan seach men net op dy pear sinten.

Sjoch ris, famke, hoe’t it himelsk ljocht
beskynt dy’t hjirre stean of sitte,
‘k ha in folle koer mei bôle kocht,
de linkerhân sil it net witte.

Sis ris, jonkje, hast gjin kreaze klean,
myn rjochterhân wiist nei de Heare,
want wa’t wurket, kriget rynsk syn lean,
sa silst fan ús de wierheid leare.

Moai sa, faam, do witst wol hoe’t it heart,
op knibbels, mar no net sa smachtsje,
lytse swolchjes, oars bist samar sêd
en tankje God, want Him moatst achtsje.

Sa, de bút is binnen, giest no mei?
Ik ha in hekel oan dat loeren;
strûp fluch oan dy broek en dan hjirwei,
op strjitte kinne wy ouhoere.

* Jan de Bray (sirka 1627-1697)
wie in skilder út Haarlem
dy’t betûft wie yn it meitsjen
fan portretten.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum