fan Ilja Repin*
Heit tsaar ropt Ruslâns soannen
ta de striid tsjin Turksk geweld,
der is mar ien ferhaal dat telt:
drink by it ôfskie en it wersjen
út deselde boarne.
Sy steane om him hinne
as famylje yn de striid
fan noch mar koarte, djippe tiid;
hoe soe men net út oansjen peile,
nimmen sil it winne?
Dat pake ôfstân nommen
hat, syn libben as rekrút
begûn ek nei de lêste tút,
hy kin de djipte ’t bêste peile,
sa’t it is, sil ’t komme.
Sil dan ’t gefoel net rinne
wylst sy heart der frjemd fan op,
in skot by elke herteklop?
De drippen út har eigen boarne
binne ôfskiedstriennen.
* Ilja Repin (1844-1930), in Russyske skilder,
hat yn de twa jier dat er dwaande wie
mei ‘Ofskie fan de rekrút’ in protte stúdzjes
makke.
De rekrút is oproppen om tsjinst te dwaan
yn de Russysk-Turkske oarloch (1877-1878). |