fan Pieter Brueghel*
In ramp is gau fergetten,
’t wetter spat mar efkes op,
in finzenis hat dikke muorren,
smoart de klap en martelrop,
want soks past yn de ierdske wetten.
Se sieten beide finzen,
heit en soan op Kreta’s strân,
doe makke Daedalus fan fearren
wjukken, ien oan elke hân
fan Icarus, hy koe oer grinzen.
De soan fleach nei de sinne
tsjin de wize rie fan heit,
sadat de waaks begûn te rinnen,
’t wjukleas fleanen waard in feit
en frijheid wie net mear te winnen.
It wetter hat wol spatten,
mar de boer, hy ploeget troch
en hoeders passe op ‘e bisten,
bolle seilen lûke doch?
Noch efkes blinkt in skym fan fuotten.
* Pieter Brueghel (sirka 1525-1569)
brocht siswizen yn byld, ûnder oare
‘hoogmoed komt voor de val’.
Hy hat foar dizze siswize de myte
fan Daedalus en Icarus brûkt.
|