Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

De flecht nei Egypte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

Image

’t Wie net de moanne op it paad
dy’t fierde nei Egypte,
mar wol joech yn neare nacht
syn ljocht, dat net Herodus’ skaad
ferburgen oer de stiennen wipte.

Dat Joazef seach wol achterom
nei ’t byld fan heil op ierde,
brocht troch ingels yn de nacht
en ’t leave soantsje yn de slom…
o God, dat wy net fan him skiede!

As hoedersjonges wjukken ha
en lykas ingels fleane,
rûzje sy it tsjuster yn,
sa gie it op ‘e takomst ta,
it nuodlik achterom wie nearne.

De moanne achter lei foar dea,
mar ’t libben ljocht beweegde,
skode stappend ’t tsjsuster yn
en foel de jonges op ‘e lea
dy’t songen fan God yn de hege.

Peter Paul Rubens (1577-1640)
waard berne yn Siegen (Dútslân)
en stoar yn Antwerpen.
Hy wie acht jier yn it bûtenlân
(Italië en Spanje) en wurke dêr
oan grutte opdrachten.

admin

De berte

Keunst
PDF Print E-mail
fan Peter Paul Rubens*

Image

De achtergrûn is kâld en tsjuster,
plak fan hoeders sûnder fjoer,
sy jouwe foar de tiid gjin moer
en libje noch yn ’t lân fan juster.

De loft is ticht, want swier bewolke,
fûgels fine dêr gjin plak,
ha oan de konkurrinsje lak,
de himel is noch tin befolke.

Sa’t doarp en stêd yn ’t tsjuster weidûkt
binne yn in djippe sliep,
heart nimmen ’t blêtsjen fan in skiep,
gjin inkel lûd dat nei de dei lûkt.

Mar dan, in frou fan ’t doarp, al beppe,
skrillet fan in blêtsjen op,
jout antwurd op in fiere rop,
sil mei de oar de wrâld werskeppe.

En yn de stêd stiet hy te roken,
om’t it yn de kroech net mei;
op ’t lûd fan ’t rûzjen giet er nei
it fjild dêr’t hoeders fjurkestoke.

Dêr leit it dan ljocht út te strielen
op it strie as wie ’t in stjer
foar dy’t der binne, allegear,
sels hoeders wurde bernbesiele.

* Peter Paul Rubens (1577-1640)
wurdt wol de master fan de
Flaamske Barok neamd.
Wat Rembrandt wie foar Hollân,
betsjutte Rubens foar Flaanderen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum