Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De keuken

Keunst
PDF Print E-mail
fan David Teniers de Jonge*

Image

As pearels blinke hichtepunten
yn de rin fan dei en jier:
syn eigen frou en soan
yn ’t sintrum boppe alle sier,
it houlik op ‘e dei fan moarn,
mar net it libben fan in dier.

Se ha de brulloftsswan opsetten
as de sier fan de pastei,
de hazze leit op ’t blok
noch yn de sêfte frijerspij
en fûgels hingje oan in stok,
har fleanen is foargoed foarby.

Mar fier fan ’t sintrum wurdt noch wurke,
op ‘e achtergrûn de draai
fan bouten oan it spit,
de wite faam draait tsjinjend mei,
dy trije baaiend yn it swit
foar ’t hichtepunt, de grutte dei.

* David Teniers de Jonge (1610-1690),
in Flaamske keunstner
dy’t út it folkslibben wei skildere,
brûkte syn frou en soantsje as rêstpunt
yn de drokte fan de tariedings foar in brulloft.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum