Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Skôgje by Dimter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Salomon van Ruysdael*

Image

Gjin gea kin flakker lizze
as wjerskanten de rivier,
dêr’t Dimter stekt wat heger,
mar yn wolkemjitte noch net fier
de loft yn, ’t kin de skôger misse.

Hy skôget trije fiskers
oan wjerskanten fan it net,
aksinten yn de leechte
fan it lânskip op ‘e foargrûn set…
oan ’t wurk, mar ’t kin de skôger misse.

Hy skôget, sa te sizzen,
’t willefarren mei wat striid
yn trije folle boaten
mei de flagge op ‘e heechste spriet,
mar omkeard, ’t kin de siler misse.

* Salomon van Ruysdael (sirka 1602-1670)
waard berne yn Naarden, mar wenne
syn hiele fierdere libben yn Haarlem.
As lânskipsskilder lei er him foaral ta
op rivieren, dêr’t it skilderij
‘Sicht op Dimter út it noardwesten wei’
in moai foarbyld fan is.

admin

Vergilius lêst foar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Auguste Dominique Ingres*

Image

Vergilius, do dichter oer ’t ferline,
bliuwst út byld wylsto dyn ferzen lêst
foar ’t hege selskip, mei gefoel
litsto har oan de deade bine.

Marcellus, jong hasto de eagen sletten,
komst as deade net yn ’t libben foar
fan ’t hege selskip, ’t hat wol doel
om dy yn ferzen del te setten.

Octavia, wat kinst as mem noch sizze,
watsto heard hast, slacht net op in oar,
dyn siken stûken, ’t hert sloech oer,
koest oars net dwaan as dan mar lizze.

Augustus, keizer fan grut Pax Romana,
hein dyn suster, hâld har stevich fêst,
it libben hat yn ’t fers gjin doer
en soarget sels soms foar in drama.

Do Livia, strak fan mûle, kâld fan eagen,
keizers frou, wat sein wurdt, is net bêst,
hasto fermongen drank mei gif,
nee, net yn ’t fers… of is ’t in leagen?

* Jean Auguste Dominique Ingres (1780-1867)
hearde as skilder ta de streaming fan it neo-klassisisme.
Hy waard ferneamd troch syn portretten,
mar joech de foarkar oan histoarjestikken.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum