november 6, 2016
fan Rembrandt* fan in Roemeenske ikoanskilder Wa hat mei kryst de wierheid fûn dêr’t ieuwenlang nei omsjoen wurdt mei ’t skynsel fan it langstme; men komt faak oan op kâlde grûn en heart gjin inkeld wurd. De hoeders komme swijend oan, Marije sit heech op ‘e troan Wa hat mei kryst de wierheid fûn? * Rembrandt (1606-1669) |
november 6, 2016
fan Viktor Vasnetsov*
In libbenlang al yn Sint Petersburch yn ’t hûs dat sy wurdearren as feilich honk mei harren hûn, trou oan elkoar ferbûn, dêr woene sy ek stjerre. No binne se ynein fan ’t sjouwen, te wurch De Neva streamt net mear, mar leit foar dea, De takomst skrynt har troch de skrouske lea * Viktor Vasnetsov (1848-1926) |