Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Byldzjende koppen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Hy wist net wat it libben biede soe,
gie út fan ljocht
en tocht net oan it tsjuster,
mar dûmny wurde woed er net,
omdat it wurd it heil net brocht,
dat wie noch bûn oan juster,
dêrom hat er him ta byldzjen set.

Hy eage dryst, seach fier de takomst yn,
as weage dêr
in see fan waarme kleuren,
syn wil dêrhinne wie fan stiel,
hy wist noch amper hoe en wêr,
mar woe it byldzjen keure,
seach it hiele libben as syn diel.

En doe’t dat libben rap derhinne glied,
seach hy werom
yn ’t djippe fan it tsjuster,
de glimk fan Democritus op
’t gesicht: in libben tryst en krom,
dat him noch bûn oan juster,
sa ferbylde hy syn âlde kop.

Image

* Rembrandt Harmenszoon van Rijn (1606-1669)
wurdt beskôge as de grutste Nederlânske skilder.
Syn skilderijen tsjûgje fan in suver folmakke
technyk en in persoanlike fisy.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum