Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Weagjende tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

Dêr sitte beide âlden
djip fersonken yn de siel,
dy’t oergiet nei it brún
mei hjir en dêr noch giel:
de bloei is út ‘e tún…
wa kin de maitiid hâlde?

Gjin sliepeleaze nachten
ha se hân oer harren soan,
want Pablo bloeide ier
yn tinten djip fan toan,
klassyk sa’t men wiswier
fan ’t skildersbern ferwachte.

Dêr stiet er, beide eagen
op it wiidst, want yn de wrâld
bloeit op wat men sels sjocht:
it blau fielt hjoed noch kâld,
mar moarn skinkt rôze it ljocht,
de tiid ferrint yn weagen.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
hat yn de rin fan syn karriêre
ferskillende perioaden trochmakke,
ûnder oare de blauwe en de rôze.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum