Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Trûbadoer

Keunst
PDF Print E-mail
fan Giorgio de Chirico*

Image

It lânkip is al frjemd fan kleur en foarm
mei reade beammen, blauwe bergen
en it hege bouwurk keal klassyk.
Wêr is de werklikheid as noarm?
De regels dêrfan binne ferge.

It stânbyld foar it lânskip foarmet skril
’t kontrast mei ’t wêzen fan de minske,
as it hege bouwurk keal modern.
Wêr is ’t gefoel, de sterke wil
om yn te spyljen op ‘e winsken?

Ferfrjemding waret om de lege toer
yn gjin ferhâlding mei de hege
ledepoppe sûnder bûgde earms
en fingers fan de trûbadoer,
dy’t spyljend sjongt mei oare eagen.

Image

* Giorgio de Chirico (1899-?)
waard berne yn Grikelân, krige dêr syn oplieding,
mar sette him úteinlik nei wenjen yn Italië.
Hy hearde by de streaming ‘Pittura metafysica’,
it skilderjen boppe de natuer út.

admin

Pastoar en de oar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Antoon van Dyck*
fan Alberto Giacometti**

Image

Finzen sit er yn de list
lykas yn syn parochy
dêr’t er is mynhear pastoar
dy’t libbenslang de leafde mist,
as kompensaasje ’t tsjerkekoar.

Weardich sit er yn ’t habyt
mei ’t rôze om de nekke,
kenber as mynhear pastoar,
mar ’t bluodrich read rint oer yn ’t wyt
fan ’t each as wie de man dy oar.

In oar, mar net oan dy gelyk,
sa tin as om te brekken
blykber, inkeld foar de foarm;
syn stal rint oer fan dynamyk,
mei ’t each op frijheid is syn noarm.

Image

* Antoon van Dyck (1599-1642)
waard berne yn Antwerpen.
De lêste tsien jier fan syn libben
wied er hofskilder fan kening Karel I
fan Ingelân.
Skilderij ‘Portret fan Cornelius Nutius’

** Alberto Giacometti (1901-1966)
waard berne  yn Switserlân en wurke
sûnt 1922 yn Parys.
Hy makke de lêste tweintich jier
fan syn libben tinne figueren.
Byld ‘Rinnende man’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum