Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Aldjiersjûn

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

’t Wie Aldjiersjûn en kâld op strjitte
doe’t de Alde by de grêft lânsrûn,
hy hie fan ’t jier syn faam net fûn,
it wetter loek, hy woe ’t wol witte.

Ynienen klonk it lûd fan snaren,
wat him rekke djip yn ’t moed,
doe brûsde wer it jonge bloed
as by in stoarm de sterke baren.

De spilers giene troch in poarte
fol mei streamend lûd en ’t reade ljocht
dêr’t hy de hiele jûn om socht,
sa soe it libben wêze moatte.

Hy seach de frou dy’t him gol noege,
âld genôch foar ’t brûzjend bloed, doe kaam
wêr’t hy om socht, syn bliere faam,
dy’t song by ’t spul en foar him bûge.

Tegearre dronken se de kanne
leech en hiene wille by de rûs,
hy woe fan ’t jier net mear nei hûs,
hold har en ’t moed yn beide hannen.

Syn jas hie ’t âlde wiif yn hannen,
wat koe ’t skele, ’t wie noch ’t âlde jier,
it nije wie noch fierste fier,
los mei it himd en al har bannen.

’t Wie Aldjiersjûn en kâld op strjitte
doe’t de Alde by de grêft lânskroep,
syn bûsen leech, syn broek fol troep,
it wetter loek, hy koe ’t net litte.

* Jan Steen (1626-1697)
skildere mei in djip psychologysk ynsicht
gewoane minsken.

admin

Trije generaasjes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Charley Toorop*

Image

Wat is it dat de minsken bynt
troch lok en lijen hinne?
It bloed dat sels it paad wol fynt,
sil oeral krûpe kinne.

De âlde heit, al jierren dea,
mar dochs syn wêzen getten
yn brûns, kin no wol sûnder lea,
hy hat syn streken setten.

De dochter sjocht har streken nei
fan kop en eigen holle,
de skildershân begjint sa mei
wat mem en wilskrêft wolle.

De soan is net yn ’t atelier,
mar sil as byld der wêze,
it bloed krûpt nei itselde stee,
sy ken him yn syn wêzen.

* Charley Toorop (1891-1955)
hat mei tuskenskoften njoggen jier,
fan 1941 oant 1950, oan dit skilderij
wurke (200 x 121 cm.).

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum