Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Madame Veto

Keunst
PDF Print E-mail
fan Rachel Baes*

Image

Ik pas net yn in swart portret:
as Frânske keninginne
bin ik op ‘e hichte set,
wat soe my barre kinne?

It folk hat fan de frijheid preaun:
de Frânske Révolúsje,
mar wy binne net ferdreaun,
it hat yn ús fidúsje.

Myn mantsje, kening Loadewyk,
sil oant syn dea regeare:
Frankryk bliuwt in keninkryk,
kin gaos net ferneare.

Ik stek myn finger yn it gat,
wat soe de guillotine
oars as snije yn ’t komplot,
dêr kin ik my yn fine.

Ik pas wol yn ’t portret, mar as
Marije Antoinette,
net in neil of finger los,
wat yngiet tsjin ús wetten.

En as it knypt, dan sis ik: ‘Ho!’
As Frânske keninginne
bin ik ek Madame Veto,
wat soe my barre kinne?

* Rachel Baes (1912-1983)
skildere earst ekspresjonistysk,
dêrnei gong se oer op it surrealisme.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum