fan Peter Paul Rubens*
fan Félicien Rops**
Hy wie goed tritich, noch net troud
en teach mei freonen troch it lân,
dêrby Marije Magdalena;
it libben wie Him tafertroud,
de fraach is: hied Er ’t yn de hân?
De hannen kamen spikers yn
en ien, twa, trije, skuorre mar,
wêr wie Marije Magdalena?
Se joegen Him in spûns mei wyn,
de fraach is: hied Er noch de kar?
Hy wie goed santich en net troud,
besûndige him net oan wyn
en hie it mier oan fleis fan bargen;
it libben wie him net fertroud
as kluzener yn de woestyn.
Foar eagen krige hy it krús,
earst noch mei Kristus op it hout,
mar doe… Marije Magdalena…
wie sy dan dochs mei Jezus troud?
Hy fielde him hjir net by thús.
Hy wie goed tritich, mar nea troud,
ferskuord de hannen en de lea
as neisten Him fan ’t krús ôf helje;
dy iene frou, har wêzen rout,
want Jezus hinget slop, is dea.
* Peter Paul Rubens (1577-1640),
berne yn it Dútske Siegen en stoarn yn Antwerpen,
wurdt wol de Flaamske Rembrandt neamd.
Skilderij ‘It krús omheech’
Skilderij ‘Fan it krús ôf’
** Félicien Rops (1833-1898)
wie in Belgyske tekener.
It skilderij ‘De fersiking fan de hillige Antonius’
joech yn België in protte opskuor. |