november 7, 2016
fan Pablo Picasso*
As kleur neat mear fertelt, de foarmen binne wei, ferskilt de nacht net fan de dei, dan is ’t de taast dy’t telt. Hy seach earst noch it read Hy docht it op ‘e taast Sy sjocht se noch wol gean * Pablo Picasso (1881-1973) |
november 7, 2016
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*
Hy song it liet fan troch de ieuwen hinne striid, de âlde bard Bajan, wylst fjouwer fingers oer de snaren strieken: ‘Harkje, striders, lear derfan, jim kinne inkeld winne!’ En Igor, jonge noch, hy harke mei sân earen, It kaam safier, it lûd fan hoarn en tromme Dêr leit er, Igor, jonge noch, gjin swurd koe ’t keare Sa klinkt it liet fan troch de ieuwen hinne * Viktor MichajlovitsjVasnetsov (1848-1926) |