Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Stiif

Keunst
PDF Print E-mail
fan Magnus Enckell*
fan Pekka Halonen**

De nacht wie foar ’t gefoel mar koart,
sa djip hat hy yn ’t ûnbewuste taast
nei bylden fan de drege dei:
in neaken fielen fan it moat,
want altyd hat de foarman haast.

Image

De rille rint him oer de lea
as hy de skonken oer de râne stekt,
de rest giet slop en stadich mei,
de kloeren binne him as dea,
hy fielt de druk, tinkt dat er lekt.

As jongste set er him teskrep
op bleate fuotten, mei in neaken liif
as pionier foar wer in dei,
hy is foarsichtich, want in mep
komt oan… fannacht wurdt er wer stiif.

Image

* Magnus Enckell (1870-1925)
wie in Finske skilder, dy’t yn de rin fan syn karriêre
him begûn te ynteressearjen foar it neo-ympresjonisme.

* Pekka Halonen (1865-1933)
wie in Finske skilder dy’t betûft waard yn it skilderjen
fan lânskippen en natuerstúdzjes.

admin

Ferfleine tiid

Keunst
PDF Print E-mail
fan Emile Berchmans jr.*

Image

De tiid begjint yn ’t paradys
mei bern dy’t rikke kinne
nei giel en grien rûnom.
De rop klinkt: ‘Hjir en kom!’
Se ha in wrâld te winnen.

En as it pear de tiid ferstiet,
dan stekt it oer it wetter,
neaken noch mei fleur rûnom.
De rop klinkt: ‘Hjir winkt rom!’
’t Wurdt stadichoan wat letter.

Wannear’t it frommes rekket swier,
begjint foar har it lijen
mei op ’t lêst de bern rûnom.
Har rop klinkt: ‘Hjir en kom!’
Se kin gjin rêst mear krije.

De keardel wurket him yn ’t swit,
mar is it paad jûns bjuster,
want de loft set ticht rûnom.
De dea ropt: ‘Klear, dus kom!’
’t Wurdt stadichoan al tsjuster.

* Emile Berchmans jr. (1867-1947)
wie ien fan de fernijende keunstners
yn Luik.
Hy krige grutte dekorative opdrachten.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum