Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Astro en Geo

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Image

Hy is ferdjippe yn syn boek en bol,
hat krekt de nammen lêzen
fan Draak oant Grutte Bear
en boppe Lyra Herkules,
want mei de holle fol
sil ’t daliks wêze.

De himelbol giet fingerfluch yn ’t rûn
om sa de reis te meitsjen
fan Grutte Bear nei Draak
oer Herkules nei Lyra ta,
hy rekket fan de grûn
om thús te reitsjen.

Lyrysk jout er moarn syn les
allinnich mar oer Herkules.

It taffelskleed hat hjoed gjin funksje mear
of ’t binne no de hichten
fan Faals oant Eastenryk
en hûnderten yn Switserlân,
hy sjocht troch ’t finster klear
de fiergesichten.

Syn bestimming hat er fûn
mei beide fuotten op ‘e grûn.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
Skilderij ‘De astronoom’
Skilderij ‘De geograaf’

admin

Frontaal

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco Goya*

Image

Jim sjogge my frontaal,
Francisco, skilder fan berop,
ik ha de wrâld wol sjoen:
mei ’t linkereach wat iepen wie
en ’t rjochter ’t libben op syn kop,
ik joech it wer yn eigen taal.

Image

Hy stiet dêr ek frontaal,
Pepito Costa y Bonells
mei iepen eagen nei
de wrâld en no al út ‘e rie:
‘Ik slaan de tromme, dy fertelt
fan ’t hynder en ús fjochtferhaal.’

Op knibbels en frontaal
nei al dy lopen foar it skot,
hy hat de oarloch sjoen,
de iene nei de oare die
fan fjoer ta dea, ús Hear ta spot…
Pepito en syn fjochtferhaal.

Image

Francisco Goya (1746-1828)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Pepito Costa y Bonells’
Skilderij ‘Fusillade’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum