Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Leech gefoel

Keunst

fan Jozef Israëls*

Hy hat har krekt noch drinke litten
of wie ’t oars… al langer lyn?
Se dronk foar syn gefoel twa slokken,
mar it wetter stiet noch like heech,
it wie dus wol oars… by syn witten.

Se liet de hannen doe mar rêste
of wie ’t rêsten ek mar skyn,
de sliep om him gerêst te stellen,
want hy hie it troch har lijen dreech
en woe net witte fan it lêste.

Hy lit de hannen ek mar rêste,
liket foar de tastân blyn,
mar kin om syn gefoel wol flokke,
want fan binnen rint er stadich leech,
wit net wat is foar him it bêste.

* Jozef Israëls (1824-1911)
Skilderij ‘Allinnich’

admin

Gjin burn-out

Keunst

fan Herman Heijenbrock*

De fingers bûge om de stâle,
wurde oandreaun troch it fjoer
fan binnen en fan bûten;
hiel de dei troch klinkt de slach,
fêsthâldend is de kloer.

De hollen gloeie lykas ’t izer,
binne rjochte op ’e slach;
fan binnen is der romte
foar wat trochkringt op in dei,
se hâlde it gesach…

… oer fingers bûgend om de stâle,
falle fan burn-out net del,
mar brâne alle dagen
foar it wurk mei rekke slach
en fonken deunby ’t fel.

* Herman Heijenbrock (1871-1948)
Skilderij ‘Smidderij yn it doarp’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum