Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Keunst category

admin

Tantaluskwelling

Keunst

fan Francisco de Goya*

Tantalus,
de goaden ha syn hannen bûn,
hy kin net by it fruchtfleis komme,
ek syn toarst wurdt net ferslein,
syn langstme wurdt him wreed ûntsein.

Tanita,
sy is slop op syn knibbels lein,
mar net om daliks by te kommen,
oan it needlot is sy bûn,
itselde is him straffend jûn.

Tantalus en Tanita,
de ien is oan de oare bûn,
mar sûnder by elkoar te kommen,
harren lijen ken gjin ein,
it hat grif oan syn langstme lein.

* Francisco de Goya (1746-1828)
Yllustraasje ‘Tantalus’
Print 9 út ’e searje ‘Los Caprichos’


admin

Untdekke

Keunst

fan Mario Carreno*

Se baaiden neaken yn ’t gebiet
dat op har oerkaam as natuerlik
wolle wy ûntdekke wat der is:
it sêfte grien, de skerpe skulp,
alles wat de see ús biedt.

Dochs waarden sy ynienen kjel
fan wite doeken dy’t frjemd bollen…
wolle dy bedekke wat bleat is?
Dan krûpe wy wol yn de skulp,
jouwe ús yn ’t tsjuster del.

It tsjuster duorre iuwen lang,
want frjemd woe har gebiet ûntdekke,
dat úteinlik lei it eilân bleat…
wy krûpe neaken út ’e skulp
as it folk fan twadde rang.

* Mario Carreno (1913-1999)
Skilderij ‘De ûntdekking fan it Karibyske gebiet’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum