november 5, 2020
fan Jan Jansz. Mostaert*
It wie har territoarium,
dêr’t sy mei dieren libben,
lykas yn it paradys
man Adam en frou Eva
de harmony neistribben.
Dus koe it yn it paradys
wol bleat en ek yn frede
by it yndianefolk;
yn ’t neaken woe elk nocht ha,
wol bûn oan eigen seden.
De frede flechte foar ’t geweld
fan swurden en gewearen,
lykas ’t skoander paradys;
de Spanjaard woe har lân ha…
wa koe de fijân keare?
De yndianen, sûnder stiel,
begûnen rap te rinnen
yn in rige nei de striid;
doe gie it bleat op ’t lot ta
dat neat foel sa te winnen.
* Jan Jansz. Mostaert (sirka 1475-1552)
Skilderij ‘Lânskip mei in episoade
út ’e ferovering fan Amearika’
oktober 29, 2020
fan Willem Danielsz. van Tetrode*
fan Hendrick Goltzius**
Hjir stean ik dan stânfêstich,
wiidút beide skonken, rjocht
de rjochterearm mei knots,
de linker bûgd nei achteren,
fêst stean ik as in rots.
Ik hâld my no noch rêstich
foar’t ik yn de rûnte slaan
om tolve taken út
te fieren, kom mar op, ik bin
der klear foar om te jaan…
… de klap, foar my net lêstich,
want ik bin op sterkte boud
mei spieren yn de lea
fan foaren en fan achteren,
wat my de slachkrêft jout.
Hjir stean ik justjes wankel,
mei de tolve taken klear,
ik ha de put derút,
it sicht is no fan achteren,
it lichem docht my sear.
* Willem Danielsz. van Tetrode (sirka 1525-1580)
Byld ‘Herkules Pomarius’
** Hendrick Goltzius (1558-1617)
Gravuere ‘Herkules Farnese’