Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ik sil der wêze

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Domenico Fetti*

Fan ’t paleis nei de woestyn,
fan prins is Mozes hoeder wurden,
mei de skiep yn stil petear,
ynienen slacht de lôge yn
in strúk, te wûnderlik foar wurden.

Image

Fan de keppel nei it fjoer,
dan gean de skuon fluch fan de fuotten,
want sa hillich is de grûn,
de wurden slaan op Mozes oer,
befrijing is ek hillich moatten.

Fan de WA-fraach nei IK SIL
DER WEZE, troch dy namme witte
slaven dat befrijing komt,
mar Mozes’ mûle rekket stil
as machten slaggen sprekke litte.

Fan de stilte nei it wurd
fan broer Aäron tsjin de machten
fan Egypte oer it folk
dat loskomt om te wurden grut
yn tal, al ieuwenlang ferwachte.

* Domenico Fetti (sirka 1589-1623)
Skilderij ‘Mozes en de brânende toarnbeistrúk’

admin

Bleate striid

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rosso Fiorentino*

Hy hie de prinseklean ôflein,
it stie him op it bleate liif:
it wetterbern wie moardner wurden,
mar Mozes hie de lêste slach net slein
en die ’t wer sûnder wurden.

Hy flechte neaken út it lân
fan slavernij nei de woestyn,
it droege gea fan toarre toarnen,
mar Mozes’ hert stie net mear yn de brân,
’t sloech rêstich by in boarne.

Sân fammen kamen tichterby
mei keppels nei in hjitte dei,
it wie it doel om dêr te drinken,
dat Mozes’ hert sloech fûl, hy wie sa frij
te wurkjen op har winken.

Mar rûge hoeders, like bleat,
beseagen ’t oars en jagen har
by ’t wetter wei, doe lôgen flammen
út Mozes’ hert, it rjocht joech him gjin kar,
syn wurk wie foar de fammen.

Image

* Rosso Fiorentino (1495-1540)
Skilderij ‘Mozes ferdigenet de dochters fan Jetro’ 

< Foarige Oare >

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum