Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Wurden yn stien

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rafaëls rûnte*
Al trije moannen ha se rûn,
net langer ûnder ’t slavejok,
mar frij om fier te gean,
de kneppel waard in gongelstok,
ynienen bliuwt dy stean.

In berch riist as in teken op:
net fierder, want hjir giet it oan,
sjoch Mozes yn de klim
fier boppe ’t folk, hy wit it skoan,
de Iene ropt hjoed him.

Nei trije dagen skokt de grûn,
de wjerljocht flitst, de tonger beart,
de Iene ropt hjoed sa,
wol dat it folk de Wurden leart,
Hy komt op Mozes ta.

De Iene sprekt fan ien oant tsien
op stien, en rikt dy Mozes oan,
op elke earm komt ien,
de reek lûkt op, der klinkt in hoarn,
it oangean is no dien.

Image

* Rûnte om Rafaël hinne (begjin sechtjinde ieu)
Fresko yn de Fatikaanske loggia’s

admin

Jou ús te drinken

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Belbello fan Pavia*

Trije dagen wie it lyn
dat fleurich songen waard,
mar hjoed, al djip yn de woestyn,
ferlear it folk it rjochte paad:

‘Jou ús te drinken, wy ha toarst,
tink oan Egypte, dit moat oars!’

Wetter wie der, mar net foar
de toarst, ien spuide ’t út,
it smakke bitter, it wie bar,
dat kleien like ’t einbeslút:

‘Jou ús te drinken, wy ha toarst,
tink oan Egypte, dit moat oars!’

Mozes hold nei God syn ear,
it each foel op it hout,
dat makke ’t wetter farsk en klear
foar ’t drinken, oan it folk fertroud.

Wie it trije dagen lyn
dat Mara waard ta swiet?
Der waaide wer in droege wyn
lykas dat by in tsjinslach giet:

‘Jou ús te drinken, wy ha toarst,
tink oan Egypte, dit moat oars!’

Mozes hold nei God syn ear,
it each foel op ‘e stok,
dy’t sloech de rots, de twadde kear
feroare ’t needlot yn gelok.

Image

* Belbello fan Pavia
makke dizze yllustraasje
foar de Landau-Finaly kodeks
(15e ieu)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum