Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Joëls geastberjocht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

Stean iepen foar wat komme sil
fan boppen, slút jim dan net ôf,
want sterker as jim eigen wil
is ’t wûnder fan de Geast.

Jim soan en dochter komme earst
nei foaren, profetearjend fan
wat sprekt fansels, lykas de Geast,
it wûnder fan ’t begjin.

Wa’t âld is, krijt in takomstdream
en rint mei op de moarntiid yn,
it hôf troch nei de libbensbeam,
it wûnder fan de ein.

De man of frou yn slavernij
wurdt rom fan binnen troch de Geast,
elk heart yn frijheid der wer by,
in wûnderlik begjin.

Hoewol’t de sinne tsjuster wurdt,
de moanne krijt de kleur fan bloed,
de dei ferskynt grouwélich grut,
it is noch net de ein.

Beholden wurdt wa’t ropt de Hear
syn namme oan, want troch de Geast
stiet Sions berch foar harren klear,
it is in nij begjin.

* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘De profeet Joël’

admin

Joëls alarm

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Lit hjoed de hoarn mar blaze,
lûd fan rûnom grut alarm
as teken fan de Hear syn dei,
de ein is fan it wisse wei,
elk sil yn ûnstjoer raze.

Manmachtich komt it leger
fan de Iene as in stoarm
mei flammen as in frettend fjoer,
gjin stoppel op it fjild bliuwt oer,
it giet fan heech nei heger.

Se klimme oer de muorren,
kringe oeral troch, as swarm
de wenten yn, gjinien is wis
omdat dy dei oan ’t kommen is,
de rêst lit him ferskuorre.

De Iene lit him hearre,
wylst de sinne jout alarm,
de moanne wurdt as roet sa swart,
sa’t ek mei ’t stjerreleger bart,
wa sil it net bestjerre?

* Yllustraasje ‘Profeet Joël’
Ingelske ikoan út ‘e 18e  ieu

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum