Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Joëls lêste berjocht

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Marc Chagall*

Image

No leit it lân ôfwachtsjend stil
en lit de Iene Him net hearre
yn syn wente;
wit dat dy dei wol komme sil
fan ’t rûzjen, harkje allegearre:

Yn de wente fan de Iene
buorrelet op in welle
dy’t it wetter streame lit
it hiele lân yn ’t rûn,
dat oeral komme griene
spruten út ‘e wiete grûn;
de berch dript fan de swiete wyn
en sjoch, de ljochte hichte jit
de molke út oer ’t fjild,
dat baait ek noch yn sinneskyn.

Dan lizze oare lannen stil,
dy’t drippe fan it bloed, fergetten
yn har wenten;
wit dat dy dei ea komme sil
om op ‘e Sion ta te setten.

* Marc Chagall (1887-1985)
Glês-yn-lead ‘Joël’

admin

Joëls tiding fan omkear

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Michelangelo*

Image

Lit alle folken hjoed fernimme
oer de omkear fan it lot:
fan delgean en fan klimme.

Se ha myn eigen folk ferballe
nei de frjemdte, ’t nuodlik lot
fan yn de djipte falle.

De jonkjes dy’t krekt berne wiene,
ha se ruile foar de hoer,
dêr’t manlju djip yngiene.

De famkes waarden as slavinnen
op ‘e merk brocht foar de wyn
om dronken om te rinnen.

De folken sille hjoed fernimme
dat myn eigen folk rjocht rint
nei Sion om te klimmen.

Sels sille sy yn ’t delgean reitsje
foar de rjochtdei, omkeard lot;
bern kinne dan wer laitsje.

* Michelangelo (1475-1564)
Skildering Sikstynske kapel ‘De profeet Joël’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum