Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Joächaz en Neko

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Kin in soan him keare
tsjin de godstsjinst fan syn heit?
’t Waard foar Jeruzalem in feit,
foar Joächaz de nearens.

Kening sûnder eare
yn de sel fan farao,
foar Joächaz it neare no,
foar Neko it gloarearen.

Image

Byld ‘Farao Neko’

admin

Keninklike dieden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Wat docht in kening fan ’t ferbûn,
dat sletten is yn de woestyn,
mei ’t wetboek yn de timpel fûn?
Hy ropt hjoed op it hiele folk,
giet foar har út de timpel yn
en lêst it foar as God syn tolk.

Wat docht de kening nei de tiid,
noch fol fan wurden fan de wet
en grime om it heidensk fjoer?
Hy slacht de bylden wiid en siid
yn pún en sparret alters net,
sadat de ôfgodstsjinst is oer.

Image

Wat docht dy kening fan ’t ferbûn
as ’t hillich fjoer brânt yn syn geast
en alles is nei ’t boek ferrûn?
Dan ropt er nei de timpel ta
it folk, dat fiert it Peaskefeest,
sa wol de Iene ’t libben ha.

* Ut ‘Ultimate Bible Picture Collection’
Yllustraasje ‘Herfoarming fan Josjia’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum