Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Davids slingerstien

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Edgar Degas*

Image

Dêr komt er stampend út ‘e fierte,
breinroer om dat bern fan neat,
it fintsje dat Saul stjoerd hat;
Goliat syn eachopslach wurdt read,
hy sil dy hûn syn bloed sjen litte.

Syn stappen binne fan in hoeder,
sa’t de keppel David ken,
ek wend oan tas en slinger,
lykwols hjoed hat hy wat oars yn ’t sin
foar balter Goliat… wat soed er!

Hy sil him net bespotte litte
troch in bleate skieppeboer,
in skande wat Saul dien hat;
Goliat rûkt bloed en fleis, goed foer
foar ’t bist, dat lit er him noch witte.

Twa stappen noch, dan is er kommen
op it plak foar ’t slingerjen,
syn hân taast nei de stiennen
yn de tas, in hoeder wit, it kin,
in stientsje rekket hjoed de domme.

* Edgar Degas (1834-1917)
Skilderij ‘David en Goliat’

admin

Lierespul foar Saul

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Arent de Gelder*

De kening wie der glêd mei oan,
fan bûten kaam syn eigen kwea
dat yn him krong en hold beset
syn geast, dan siet er lang foar dea
te stoarjen op ‘e troan.

Syn tsjinners hiene ’t oer de soan
fan Isaï, in spiler, mar
ek prater, doe noch foar de skiep,
dat waard it kening Saul te bar,
dan stie hy foar de troan.

Foar beide gie it barren oan,
foar Saul noch mei in tsjuster moed
en David mei syn lierespul;
de geast ferromme troch de gloed
fan ’t spyljen foar de troan.

Image

De kening naam doe David oan
as spulledrager yn syn tsjinst
fanwege mear as ’t lierespul;
it wie foar beide winst op winst
mei ’t each op striid en troan.

* Arent de Gelder (1645-1727)
Skilderij ‘David spilet foar Saul’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum