Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fretters, fjoer en sjitlead

Bibelbylden
PDF Print E-mail
It wie noch net de werklikheid,
mar Amos kriich it wol foar eagen,
harkje nei wat hy no seit:

Image

Ik seach dat ien se makke:
fretters fan it gers en sie,
sprinkhoannen dy’t al sakken…
wie it nei de Hear syn rie?
Ik sei: ‘Ferjou dochs, Hear!’
Hy sei: ‘It giet net troch!’

Ik seach dat ien it makke:
fjoer foar ûnder en op ’t lân,
it sakke nei de dakken…
wie it troch de Hear syn hân?
Ik sei: ‘Hear, byn dochs yn!’
Hy sei: ‘It giet net troch!’

Ik seach Him op ‘e muorre
mei it sjitlead foar it rjocht,
it ûnrjocht hie lang duorre…
hie de Hear no skjin syn nocht?
Ik seach dernei, sei neat.
Hy sei: ‘It giet ferkeard!’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum